Trein ûntspoard by Meppel

09 jun 2011 - 12:57

Treinreizgers ha tongersdei in soad oerlêst hân fan in goederetrein dy't nachts tusken Zwolle en Meppel fan it spoar rûn. Fanwege it ûngelok mei de trein mei hússmoargens moast it spoar makke wurde. Dêrom ried der twa kear yn de oere ien trein op en del tusken Meppel en Zwolle.

Reizgers hiene in oere fertraging. Om alve oere wie de oerlêst foarby en kaam it treinferkear wer op gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)