Undersyk nei Caparis

09 jun 2011 - 12:30

De gemeenten ha ynstimd mei in ûndersyk nei de takomst fan it sosjale wurkfoarsjenningsskip Caparis. Dêroer binne ûnderling ôfspraken makke. Sa moat dúdlik wurde hoe't de finansjele problemen fan no ûntstean binne en hoe't dy yn de takomst foar te kommen binne.

It is net de earste kear dat it finansjeel min giet mei Caparis. In oantal jierren lyn gie it ek al mis. It is noch net dúdlik wa't it ûndersyk útfiere sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)