Diken smoarch troch jarre

09 jun 2011 - 12:22

Rykswettersteat hat tongersdeitemoarn op twa plakken op de A7 dwaande west mei it oprêden fan jarre. By Fryske Peallen en by it tankstasjon tusken de rotonde fan De Jouwer en It Hearrenfean wie troch ûnbekende oarsaak jarre út jarretanks lekt.

Rykswettersteat hat by de fersmoarge parten fan de dyk ôfsettings delsetten sadat in bedriuw de dong oprêde koe. It ferkear hat neffens Rykswettersteat net folle oerlêst hân fan de wurksumheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)