Alve Marren-evenemint skrast

09 jun 2011 - 12:07

De measte aktiviteiten fan it Alve Marren Evenemint geane net troch. It evenemint wie hielendal om de stoomtrein Snits-Starum hinne boud, mar dy rydt dit jier noch net. It sloepfarren, kuierjen, fytsen en skeelerjen giet net troch, allinnich de heale maraton giet wol troch.

It Stichtingsbestjoer is noch yn oerlis mei de stoomtreinmaatskippij. De ynstek is om it evenemint yn 2012 wol wer trochgean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)