Fytser oanriden op Flylân

09 jun 2011 - 11:49

In 55-jierrige fytser is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op Flylân. De man stuts ynienen de Postweg oer en waard dêr oanriden troch in 51-jierrige motorrider fan it eilân.

It slachtoffer waard troch de húsarts en it personiel fan de ambulânse stabilisearre en dêrnei mei de SAR-helikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Hoe slim er ferwûne rekke, is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)