Antillenflat bliuwt stean

09 jun 2011 - 11:44
  • Sa stiet de flat der no by (foto: Omrop Fryslân, Harm Weistra)

Wenningkorporaasje WoonFriesland giet der fan út dat de Antillenflat stean bliuwt. Neffens de direkteur is sloop kapitaalferneatiging en hat in grut part fan de bewenners oanjûn werom te wollen nei de flat.

It ûndersyk nei de konstruksje fan de flat rint noch en sil nei alle gedachten trije moanne duorje. Alle galerijen fan de Antillenflat wurde fuorthelle. Tagelyk wurdt ûndersocht oft de balkons oan de oare kant fan de flat ek fuorthelle wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)