Tsjûgen socht fan ynbrekkerij
De plysje siket minsken dy't mear witte oer twa Noard-Afrikaanske manlju dy't woansdeitemiddei sjoen binne by in hûs oan de Ratelaar op It Hearrenfean.
De plysje wol graach mear oer har witte omdat der yn it hûs ynbrutsen is. Dêrby is de hiele wenning trochsocht en waard yn elk gefal jild meinaam. Om der yn te kommen waard in rút iepenbrutsen.