Gaos nei ynbraak yn Gytsjerk

De plysje siket minsken dy't mear witte oer in ynbraak oan de Canterlandseweg yn Gytsjerk. Dêr waard woansdeitemoarn ynbrutsen yn it hûs fan in 69-jierrige frou. Dêrby waarden ûnder oare sieraden, bankpaskes, papieren en autokaaien meinaam. Om dy te finen waard it hiele hûs oer de kop helle.
De plysje siket ynformaasje oer de ynbraak en dan benammen oer in man mei in knalgiele brommer of motor. Dy motor hat in skoft foar it hûs stien.