Saak Syb seponearre
De rjochtsaak tsjin sjonger Syb van der Ploeg wurdt ûnder betingst seponearre. De 44-jierrige sjonger krige yn april spul mei syn freondinne. Dêrnei waard er beskuldige fan mishanneling. Hy moast doe in nacht de sel yn.
De saak is no earst seponearre. Van der Ploeg mei lykwols de kommende twa jier net mei justysje yn kontakt komme, oars sil de saak dochs noch behannele wurde.