Wendy Oosterwoud Ned. kampioen

Wendy Oosterwoud (argyffoto)
Wendy Oosterwoud is yn Zwartemeer opnij Nederlânsk kampioen tiidriden wurden. De 15-jierrige ynwenster fan Oerterp wie al har konkurrinten by de famkes-nijelingen de baas. De nûmer twa, Ilse Miltenburg út Eck en Wiel, wie nei 16,8 km 26 sekonden stadiger.
By de junior-famkes waard Anouska Koster fan De Westereen tredde. Martijn Dijkstra fan Aldeberkeap waard by de junioaren fiifde.