'De Friese Meren' goedkard

08 jun 2011 - 17:41

De provinsje giet akkoart mei de nije fúzjegemeente De Friese Meren. De nije gemeente is in fúzje tusken de gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân.

Dat betsjut dat de doarpen Haskerdiken en Nijbrêge ek neffens de provinsje nei Hearrenfean ta kinne. De doarpen hawwe der alles oan dien om it tij te kearen, om't se perfoarst net nei Hearrenfean ta wolle. De provinsje jout freed in taljochting by it beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)