Metroplattegrûn foar toeristen

08 jun 2011 - 16:55

Súdwest-Fryslân krijt fan takom wike ôf in 'metroplattegrûn' foar it iepenbier ferfier. Dy jout toeristen ynformaasje oer it Fryske iepenbier ferfier yn kombinaasje mei nijsgjirrige plakken om hinne te gean. De kaart sjocht der krekt sa út as de metroplattegrûnen fan Parys en London. De kaart is sawol yn it Nederlânsk as yn it Dútsk te krijen. It idee komt út in priisfraach foar ferbettering fan it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)