Tefreden oer tal toerswellen

De toerswel
De earste telling fan toersweltsjes troch de Fryske fûgelwachten liket in sukses te wêzen. Yn de earste dagen fan juny binne op 116 telplakken mar leafst 1761 fûgels teld. Yn Sleat binne de measte fûgels sjoen. Dat wiene mei-inoar 110 stiks.
De fûgelwachten wolle de toerswellen takom jier opnij telle. Dêrnei kin mooglik wat sein wurde oer de stân fan de soart.