Problemen foar Gearhing

08 jun 2011 - 14:57

In grut diel fan de direkteuren fan basisskoallen yn Súdwest-Fryslân moat oar wurk sykje. It iepenbier ûnderwiis dêr moat njoggen ton besunigje. Der komme sân ûnderwiisteams dy't de lieding krije oer de skoallen. Dy teams bestean út in direkteur en in ferfanger. Der binne 29 skoallen mei 19 direkteuren. Alle skoallen bliuwe wol iepen.

De âlden fan de bern binne yn in brief op de hichte brocht fan de plannen troch organisaasje Gearhing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)