VNG wol Caparis helpe

08 jun 2011 - 12:57
  • Aksje Caparis by VNG (foto: Omrop Fryslân)

De Feriening fan Nederlânske gemeenten hellet besunigings op de sosjale wurkfoarsjenning út it bestjoersakkoart. Dat is woansdei op in gearkomste yn Ulft besluten. De paragraaf oer de sosjale wurkplakken wurdt skrast út dat akkoart. De gemeenten hawwe no in oanpast akkoart.

It bestjoersakkoart regelet de taakferdieling tusken ryk en gemeenten. Ferskate gemeenten binne it net iens mei de besunigings op de sosjale wurkplakken lykas Caparis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)