Baas losse hûn jout klap

De plysje fertinkt in 32-jierrige ynwenner fan Drachten fan mishanneling. De man liet syn hûn losrinne op de Melkkelder yn Drachten dêr't it bist in oare hûn oan 'e riem oanfoel. In 26-jierrige man besocht de twa hûnen útelkoar te heljen. Hy spruts dêrnei de Drachtster oan op syn losrinnende hûn. Dy naam dat net en sloech de 26-jierrige foar de holle.
De Drachtster koe letter oanhâlden wurde. Hy hat in proses-ferbaal krige.