AOB: Proloog giet te fier

08 jun 2011 - 11:55

Underwiisfakbûn AOB is út de ûnderhannelings stapt mei de direksje fan Proloog. Neffens it fakbûn gean de besunigingsútstellen fan de Ljouwerter ûnderwiisorganisaasje te fier. Proloog makke earder dizze wike bekend dat sân skoallen ticht moatte. Goed sechstich meiwurkers krije dien. Dat soe nedich wêze om't Proloog oars fallyt giet.

It fakbûn is wol ree om te praten oer besunigings, mar de plannen fan no binne ûnakseptabel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)