Trekkers faak net yn oarder

08 jun 2011 - 11:46
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Sân op de tsien trekkers en oar lânbouferkear doocht net. Dat hat de plysje de ôfrûne moannen fêststeld. In soad hawwe stikkene ljochten of spegels, der stekt guod út of de lading is te swier.

De kontrôles binne útfierd yn hiel Fryslân op mominten dat der in soad lânboureau op 'e dyk wien. Der binne 66 boetes útskreaun. Goed fyftich bestjoerders krigen in warskôging. De plysje sil fan 't hjerst wer yngeand lânbouferkear kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)