Identiteit racefytser ûnbekend

De fyts fan it slachtoffer fan it merk Specialized, type Epic
De plysje besiket manmachtich de identiteit te achterheljen fan de racefytser dy't tiisdeitemiddei slim ferwûne rekke yn Jellum. De man stuts fan in fytspaad de dyk oer en botste op in auto. It is folslein ûndúdlik wa't de man is. It slachtoffer is yn kritike tastân nei Grins brocht. De man hie gjin papieren by him en hy is noch net as fermist opjûn. Op de webside fan de plysje steane foto's fan syn guod. Burgernet wurdt ek ynskeakele.