Marit Bouwmeester sjit omheech

07 jun 2011 - 22:45

Marit Bouwmeester hat mei twa twadde plakken en in tredde yn de Laser radial in fikse sprong makke. Nei twa dagen fan de wrâldbekerwedstriid by Weymouth yn Súd-Ingelân is Wartenster klommen nei it twadde plak, krekt achter de Belgise Evi van Acker.

Roelof Bouwmeester hat it yn de Laser gâns dreger. Roelof sylde tiisdei nei in 18e, 17e en 14e plak. Yn de tuskenstân is er 29e. Pieter Jan Postma waard yn de Finn 13e en twadde, yn it klassemint stiet Postma 12e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)