Racefytser slim ferwûne
In racefytser is tiisdei yn de neimiddei slim ferwûne rekke by in oanriding by Jellum. De man is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De man kaam op de Hegedyk yn botsing mei in auto. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. Omdat de man gjin papieren by him hie, is noch ûnbekend wa't it slachtoffer is.