'Ferbied shows mei rôffûgels'

Foto: Omrop Fryslân
Shows mei ûlen en oare rôffûgels moatte ferbean wurde. Dat fine seis rôffûgelwurkgroepen en beskermingsorganisaasjes yn Nederlân. De tsjerke-ûlewurkgroep fan Johan de Jong út Oerterp is dêr ien fan.
De wurkgroepen tinke dat de yllegale hannel yn rôffugels stimulearre wurdt troch de shows. Boppedat fleane der gauris fûgels fuort, dy't dan yn de natuer bedarje en kruse mei wylde soarten. Fierders is it ûnnatuerlik rôffûgels keunstkes te learen.