Glêde stegers troch fûgelskyt

Foto: Omrop Fryslân
De Marrekrite hat lêst fan fûgelstront op de nije, duorsume oanlisstegers. Dy binne makke fan recyled keunststof. Se lûke benammen by moai waar in soad fûgels. De skyt makket it glêd en wettersporters kinne dêrtroch útglydzje en falle.
Op achttjin plakken hat De Marrekite no biezems ophongen sadat minsken sels de stront oprêde kinne. It giet om in proef om te sjen oft it mei help fan de boatsjefarders slagget de moderne stegers skjin te hâlden.