Eelde wichtich foar toerisme

07 jun 2011 - 15:14

It fleanfjild fan Eelde wurdt tige wichtich foar it toerisme yn Fryslân as de lâningsbaan ferlingd wurdt. Dat fynt promoasjebedriuw Fryslân Marketing. In langere start- en lâningsbaan kin in soad fleantugen mei Dútsers oanfiere foar Fryslân. De Rie fan Steat moat noch wol beslute oer de ferlinging fan de baan.

Paul van Gessel fan Fryslân Marketing wie tiisdei by de besite fan de Dútske ambassadeur oan Fryslân. Se makken ûnder oare in tocht op it steatejacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)