Beekmans nei Australië

07 jun 2011 - 14:26

Paul Beekmans fuotballet takom seizoen by it Australyske Gold Coast United. De middenfjilder dy't nei trije seizoenen gjin kontraktferlinging krige by SC Cambuur hat in kontrakt tekene foar ien seizoen. Gold Coast United waard it ôfrûne seizoen fjirde yn de Australyske kompetysje.

Foar Danny Guijt is konkrete ynteresse út de Jupiler League. De middenfjilder stiet yn de belangstelling fan twa klups. Nei it wykein is der mear dúdlik oer de takomst fan Danny Guijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)