Garnalekotter yn problemen

07 jun 2011 - 14:09
  • De ZK37 (foto: Hulp in nood)

By Skiermûntseach hat moandeitenacht garnalefiskersskip ZK37 De Twee Gebroeders út Sâltkamp yn de problemen sitten. It skip hie maleur mei de motor en wie stjoerleas wurden. De kollega's fan de ZK91 koene foarkomme dat it skip fêstrûn op de Noardlauwersgrûnen by Rottumerplaat, benoarden Skiermûntseach.

De rêdingsboat Dorus Rijkers hat it skip úteinlik nei de haven fan Lauwerseach sleept. Der rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)