Nije bylden Alvestêdetocht '41

07 jun 2011 - 13:45

It Fries Film Archief hat nij filmmateriaal fan de Alvestêdetocht fan 1941 fûn. It giet om in 8 mm- filmke fan de Snitser Piet Wagter. Hy hie mei syn heit in blommesaak op it Grutsân. Yn 1952 is Wagter emigrearre fia Kanada nei Amearika.

Op de nije bylden is Hylpen te sjen. Boppedat stean der hege Dútske offisieren op. Ien fan harren liket wol wat op Adolf Hitler, mar it giet om de plakferfanger fan Seys Inquart, Werner Friedrich Ross.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)