Famkes stelle GSM út tas

07 jun 2011 - 11:15

Fiif learlingen fan it Magister Alvinus yn Snits binne oppakt foar stellerij fan in GSM. De fiif famkes fan 14 en 15 jier hiene yn ferskate tassen sitten te rommeljen. De eigneresse fan de mobile tillefoan skeakele de konsjerzje yn. Dy belle it nûmer en doe gie de tillefoan ôf yn ien fan de tassen fan it fiiftal.

De plysje hat de famkes meinaam nei it buro. Nei ferhear mochten se nei hûs. De skoalle nimt maatregels tsjin de famkes. It is noch net bekend wat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)