Stroomsteuring yn Frjentsjer

07 jun 2011 - 10:12

De stroomsteuring yn Frjentsjer is wer foarby. Om tsien oer njoggenen tiisdeitemoarn foel yn parten fan de stêd de stroom út, ûnder oare op it yndustryterrein. Bedriuwen en 1400 húshâldens kamen sûnder stroom te sitten. Tsjin alven wie der wer elektrisiteit op it liedingnet.

De oarsaak fan de steuring is noch net bekend. Netwurkbehearder Liander siket dat út. Dat kin noch wol in pear dagen duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)