Senator berneboekesjuery

07 jun 2011 - 10:09

Deputearre Hans Konst hat tiisdei Leo Kuipers (10) beneamd ta de Fryske senator foar de sjuery fan de Prijs van de Nederlandse Kinderjury 2011. De alve oare provinsjes hawwe ek sa'n senator beneamd. Bern dy't yn 'e sjuery woene, koene dêrop sollisitearje.

De tolve senatoaren komme tiisdei yn Den Haach gear om fiif berneboeken yn ûntfangst te nimmen. Dy moatte se lêze en beoardielje. It winnende berneboek wurdt op 29 juny bekendmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)