Hege útstjit sâltsoer REC

Troch de steuring fan ôfrûne freed by de REC yn Harns is de útstjit fan sâltsoer en wetterstoffluoride flink oer de grinzen gien. Benammen de útstjit fan it sâltsoer wie mei 500 miligram folle heger as de 60 miligram yn it healoere dy't der gemiddeld is.
Nei de steuring waard de oven oant snein stillein. Doe't de oarsaak fûn wie troch spesjalisten fan leveransier Siemens joech de provinsje tastimming om de ôffalferbrâningsoven wer te starten.