Skarsterlân MKB-freonlikst

Foar de fjirde kear op rige is de gemeente Skarsterlân útroppen ta MKB-freonlikste gemeente fan Noard-Nederlân. De gemeente Leek yn Grinslân waard twadde en it Drintse Hoogeveen tredde.
De priis is in inisjatyf fan MKB Noard-Nederlân. Dy hat har leden frege nei har ûnderfinings mei de gemeenten. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útdield. Skarsterlân sil no ek mei dwaan oan de lanlike finale. De foarige kear waard de gemeente dêr 3e.