Herder ferrast troch oanbod
It wie foar Henk Herder in folsleine ferrassing doe't hy ferline wike frege waard om de nije assistint te wurden fan Hearrenfean trainer Ron Jans.
Yn 2008 wie Herder ek alris assistint, doe fan trainer Trond Sollied. Doe't Sollied dien krige waard Herder degradearre ta jeugdtrainer. Henk Herder is yn de eagen fan Hearrenfean de ideale kultuerbewaker.