Fryske keeper bêste fan NL

06 jun 2011 - 16:54

SC Frjentsjer hat de bêste keeper fan Nederlân yn hûs. It giet om de 16-jierrige Wilco Kramer. Ofrûne wykein wie de finale fan it grutte keeperstoernoai dêr't yn totaal sa'n 3000 jongeren oan meidien hawwe.

Kramer is kampioen wurden yn de âldste leeftiidskategory, dat is 16 jier en âlder. Hy mei himsels dêrom in jier lang de bêste keeper fan Nederlân neame.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)