Strippekaart ferdwynt 30 juny

06 jun 2011 - 15:48

De strippekaart ferdwynt mei yngong fan 30 juny út Fryslân. Fan dy datum ôf kinne reizgers allinnich noch mei de OV-chipkaart mei it iepenbier ferfier. De provinsje hat dit beslút naam om't reizgers de ov-chipkaart no ek yn Grinslân en Drinte brûke kinne.

De strippekaarten kinne nei 30 juny net mear brûkt wurde. De kaarten kinne ek net ynlevere wurde, dêrom ropt de provinsje reizgers op om de kaarten op te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)