Lûdsoerlêst by opera Orfeo

06 jun 2011 - 13:53
  • Orfeo ed Euridice

Regisseur Jos Thie út Wergea hat in apart wykein efter de rêch. Freed en sneon wiene de earste foarstellings fan de opera Orfeo ed Euridice, yn en by de hoffiver fan Paleis Soestijk.

Wat Jos Thie en de rest fan de organisaasje net wisten, wie dat der noch in muzykfestival wie, op mar in heale kilometer ôfstân. De foarstelling fan freed waard dêrtroch fersteurd. De foarstelling fan sneon is op it lêste momint ferpleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)