Fryske plakken op nije app

06 jun 2011 - 12:57

Trije Fryske lokaasjes hawwe in plakje krigen yn in nij ynteraktyf oersjoch fan de Nederlânske skiednis. It oersjoch is makke troch it Nasjonaal Histoarysk Museum en is benammen bedoeld om minsken fia de mobyl yn de kunde komme te litten mei histoaryske plakjes.

As jo mei de mobyl op dy plakjes binne dan kinne jo de ynformaasje en filmkes oproppe mei help fan in applikaasje. Yn Fryslân binne Penjum, de Ofslútdyk en Hylpen te finen op de app.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)