Soargen by taugeeboer

06 jun 2011 - 12:50
  • Earder wiene it de komkommers

Kymgrienteprodusint De Peuleschil op De Rottefalle folget mei argewaasje it nijs oer de Ehec-besmetting yn Dútslân. De besmetting is neffens de Dútske autoriteiten nei alle gedachten ûntstien op in biologysk kymgrientebedriuw.

Ek op De Rottefalle wurde op biologyske wize kymgriente as taugee en alfalfa produsearre. Eigner Adrie Klaassens fan De Peuleschil hat syn fakânsje ôfbrutsen om fragen te beantwurdzjen en it nijs te folgjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)