Gau dúdlikheid oer Proloog

06 jun 2011 - 12:14

It gemeentebestjoer fan Ljouwert beslút moandei oft de ûnderwiis-organisaasje Proloog fallyt giet of net. Proloog hat in miljoeneskuld en hat de gemeente frege om in needkredyt fan 1,5 miljoen euro.

Mei dat jild kin de oerkoepeljende organisaasje foar iepenbier basisûnderwiis yn Ljouwert in sanearingsplan yn wurking sette. Dit hâldt yn dat maksimaal 60 meiwurkers dien krije en dat fan de 23 skoallen sân tichtmoatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)