Protestmars foar Parnas

Keunstsintrum Parnas yn Ljouwert hâldt moarntejûn in demonstraasje tsjin de sluting fan it sintrum. Fan seis oere ôf rinne personiel, kursisten en foarstanners fan Parnas yn in optocht troch Ljouwert. Dit bart sjongend en musisearjend ûnder lieding fan jongereinband Parnananas.
It sintrum wol hjirmei dúdlik meitsje dat de gemeente Ljouwert net sûnder in keunst- en kultuersintrum kin.