Dronken snorfytser yn Drachten

06 jun 2011 - 10:32

Op it Moleneind yn Drachten is yn de nacht fan snein op moandei in man út De Wylgen oanhâlden, omdat hy dronken op syn snorfyts siet. De man foel op, omdat er flink slingere.

Nei kontrôle moast de man mei nei it buro. Doe die ek bliken dat syn rydbewiis al earder ynnaam wie. De man krige in rydferbod fan njoggen oeren en kin in flinke boete ferwachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)