Mid-Fryslân wer oan kop

Kuorbalhaadklasser LDODK hat troch mei 16-13 fan koprinner VADA te winnen, in prima tsjinst levere oan Mid-Fryslân. Omdat Mid-Fryslân wûn yn Purmerend mei 17-16 fan BEP, komt Mid-Fryslân yn punten lyk mei VADA. Takom wike spylje de kuorballers har lêste wedstriid yn de kompetysje. Stean beide koprinners dan noch tegearre boppe-oan, dan komt der in rjochstreeks kampioensduel tusken VADA en Mid-Fryslân.
SCO wûn yn de selde haadklasse mei 13-10 fan AKC.