Snitser slacht famke yn disko
In 18-jierrige Snitser is sneontenacht oppakt troch de plysje fanwege mishanneling. De Snitser hie by de plysje meld dat er yn in disco yn de stêd samar slein wie troch in 19-jierrich famke, ek út Snits.
Ut it ûndersyk fan de plysje dy lykwols bliken dat net it famke, mar de jonge slein hie. Hy is foar ferhoar meinaam nei it plysjeburo.