3500 kuierders yn W'werf

05 jun 2011 - 13:25

De fyfde Pieter Stuyvesantkuiertocht yn Weststellingwerf luts sneon sa'n 3500 kuierders. Sy koene kieze út in lange rûte fan 35 en in koarte fan 22 kilometer. Mear as 200 frijwilligers soargen derfoar dat alles goed rûn.

De kuiertocht ferrûn goed en hie mar in pear útfallers. De rûtes giene troch de natuergebieten Rottige Meente en de Linde. Underweis wie der muzyk fan koaren en wie der ek iten en drinken. Oer twa jier is der wer in Pieter Stuyvesant Kuiertocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)