Fryske prizen op Eurobrass

De earste prizen op brassbandfestival Eurobrass yn Drachten binne bûten Fryslân terjochte kaam. Yn groep A waard Brassband Schoonhoven winner, yn groep B wie dat Oefening en Uitspanning út Wijk en Aalburg en yn groep C brassband Constantijn Huygens út Appingedam.
Yn groep A giene de twadde en tredde priis wol nei Fryske brassbands, de twadde nei De Wâldsang út Bûtenpost, de tredde nei De Bazuin út Oentsjerk.