Gjin Frysk súkses yn triatlon

(Argyffoto: Lenus van der Broek)
By de triatlon fan It Hearrenfean wiene der sneon gjin Fryske priiswinners. Wilbert Grooters fan Amsterdam wie by de mannen de winner. Grooters sette in tiid del fan 54:34. Jan Piet de Jager fan Stiens wie op in 16e plakje de bêste Fries.
By de froulju gie de winst nei Sandra Hitzert fan Hoevelaken yn in tiid fan 1:02:48. Gea Hut fan Haulerwyk wie mei in sechde plakje de bêste Friezinne. De triatlon wie foar de achtste kear en luts in soad dielnimmers.