Bedriging ambulânsemeiwurker

In 22-jierrige Ljouwerter hat freedtenacht in ambulânsemeiwurker bedrige. De man wie yn de Van Loonstraat yn syn wenplak net goed wurden en moast oerbrocht wurde nei it sikehûs. Underweis waard er agressyf.
Hy dielde dêrby klappen út en bedrige de ambulânsemeiwurker mei de dea. De plysje waard ynskeakele en hat de man meinaam nei it buro, neidat er yn it sikehûs behannele wie. Dêr hat er in proses-ferbaal krigen.