Ferdronken frou is Ljouwerter
De frou dy't freedtemiddei ferdronken is yn it Van Harinxmakanaal by de Ljouwerter wyk Aldlân is in 81-jierrige frou út Ljouwert. De frou is nei alle gedachten net goed wurden en mei har scootmobyl it wetter yn riden.
It lichem fan de frou is oantroffen troch in foarbygonger. Dy warskôge de plysje. Plysjeminsken hawwe de frou en de skootmobyl út it wetter helle.