Warskôging foar wettersporters

04 jun 2011 - 13:29

Piet Paulusma warskôget dat wettersporters sneintemiddei rekken hâlde moatte mei flinke buien. Yn dy buien is kâns op swiere wynstjitten. Ek kin der tonger en hagel yn sitte.

Neffens Piet Paulusma is it ferstannich om healwei de middei net mear op it Waad en de marren te kommen. De buien kinne jûns en nachts ek noch foarkomme. It ôfrune wykein kamen ferskate wettersporters yn de problemen omdat se oerfallen waarden troch de hurde wyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)