A7 by Tsjalbert wer frijjûn

Ferkear kin wer oer de A7 by Tsjalbert. De dyk wie in skoft ôfsletten, neidat der sneontemoarn in ûngelok bard wie. Dêrby waard in lytse frachtauto mei in karre oanriden troch in auto.
Troch de oanriding rekke ien fan de fetten mei gemysk ôffal dy't op de karre stie lek. De brânwacht waard oproppen om de saak op te romjen. Neffens de plysje hat der gjin gefaar west foar de folkssûnens. By it ûngelok rekke nimmen ferwûne.